StimWizer Fryslân

1. De provinsje moat de boargers faker om harren miening freegje en om dy reden faker in referindum hâlde.




2. De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte moatte mei-inoar ien regio mei in eigen bestjoer wurde.




3. Net de provinsje Fryslân, mar it Nederlânsk regear moat de wichtichste beslissings oer de Waadsee nimme.




4. Wa't yn Fryslân in ynboargeringskursus folgje moat, moat ek les yn 'e Fryske taal krije.




5. De opbringst fan ierdgas moat foar in folle grutter part te'n goede fan Noard-Nederlân komme.




6. De belestings dy't de provinsje heft (de opsinten motorreaubelesting) meie allinnich omheech foar it ferbetterjen fan it iepenbier ferfier.




7. De sâltwinning yn it noardwesten fan Fryslân moat ophâlde.




8. De provinsje moat de sneinsrêst op alle mooglike manieren befoarderje.




9. De provinsje moat gemeenten helpe by it opheinen fan útprosedearre asylsikers.




10. Keunst yn gebouwen fan de provinsje of by de iepenbiere dyk lâns mei net stridich mei godstsjinstige noarmen en wearden wêze.




11. In nij gebou foar it Fries Museum is net nedich.




12. It opheinen fan jonge bern is in taak fan de âlden en net fan de gemeenten of de provinsje.




13. De provinsje moat de plezierjacht op bisten ferbiede.




14. Om in natuergebiet te ûnderhâlden, is it better om boeren dêrfoar te beteljen as om jild oan miljeu-organisaasjes te jaan.




15. Om wetteroerlêst tefoaren te kommen, moat de provinsje gebieten oanwize dy't, as soks fanneden is, ûnder wetter set wurde kinne.




16. Der meie gjin nije wynmûnen mear bykomme yn Fryslân.




17. De provinsje moat it ljipaaisykjen folslein ferbiede.




18. Alle doarpen yn Fryslân moatte bouwe kinne om nije ynwenners te krijen




19. De provinsje moat permaninte bewenning fan fakânsjehuzen tastean.




20. Der moatte folle mear jachthavens komme, ek op de Fryske eilannen.




21. Rûnom yn Fryslân moat glêstúnbou mooglik wêze.




22. De provinsje moat it bouwen fan grutte bûtenpleatsen ferbiede.




23. Fergees iepenbier ferfier sil de provinsje fierstente folle jild kostje.




24. De haven fan Harns moat ek bûten de besteande diken flink útwreide wurde kinne.




25. De Suderseeline, de flugge spoarferbining troch Flevolân en Fryslân, moat der komme.




Hieronder kunt u aangeven welke stellingen u extra belangrijk vindt.
Het is overigens niet verplicht extra gewicht te geven.


























Hieronder staan de partijen die aan de Provinciale Statenverkiezingen meedoen in de vastgestelde lijstvolgorde. U kunt zelf kiezen welke partijen u betrekt in de berekening van het resultaat. Wanneer u een of meerdere partijen van uw stemadvies wilt uitsluiten, kunt u het vinkje voor de partijnaam weghalen. Klik daarna op de knop ‘Naar resultaat’.